Bêste minsken,
Wy wolle jimme fan herte útnoegje foar de neijiersgearkomste fan Keatsferiening Easterein. Op dizze jûn wolle wy graach mei jimme werom sjen op it ôfrûne jier en ús plannen foar it kommende keatsseizoen beprate. Ek âlders fan ús jongereinleden binne fan herte wolkom.
De gearkomste sil plakfine op woansdei 12 novimber 2014 om 20.00 oere yn “De Skoalleseize”. Wurklist:
- Iepening
- Meidielings en ynkommen stikken
- Oantekens fan de foarjiersgearkomste fan 26 maart 2014. It ferslach hat elts tagelyk mei de ú
tnoeging krigen. Bin hjir fragen/opmerkings oer?
- Stikken neijiersgearkomste KNKB op 20 novimber 2014
- Meidielings fan út de neijiersgearkomste Federaasje Snits fan 29 oktober 2014
- Punten fan út it bestjoer, û.o.:
- ûntwikkelings sportkompleks “De Skoalleseize”
- fakatueres: stân fan saken
- Skoft
- Jildsaken: begrutting en kontribUsje 2015 fêststelle
- Utrikking prizen kompetysjekeatsen senioaren
- Keats(t)er fan it jier
- Omfreegjen
- Sluting
Oant sjen op 12 novimber!