De nasjonale foarlêsdagen binne fan woansdei 23 jannewaris oant sneon 2 febrewaris. Alle pjutten binne fan herte wolkom yn de bibleteek fan Wommels. Doel fan dizze aksje is it stimulearje fan it foarlezen oan bern dy’t sels noch net leze kinne. Sintraal stiet it boek “Nog 100 nachtjes slapen” fan Milja Praagman.
Ek wurd der yn de bibleteken fan SWF in foarstelling jûn oan de pjutten troch Jetske Miedema en Riemkje Pitstra. De foarstelling slút oan by it nije Tomkeboekje Natuer. Yn de bibleteek fan Wommels sil dizze foarstelling wêze op freed 25 jannewaris om 16.30 oere. Graach foarôf efkes oanmelde.