Komend weekein is de mienskiplike start fan de klups út Easterein. Se hawwe dit jier it thema “nacht zonder dak”. Tidens nacht zonder dak meitsje de bern in sels make krot fan kartonnen doazen, krekt as de bern oan de oare kant fan de wrâld eltse nacht dwaan moatte. De bern litte harren stipje en de opbringst giet nei de bern dy’t libje moatte yn earmoed.
It opbouwen fan de krotten troch de bern bard op it MFT en begjint sneon om goed 18.00 oere oant 23.00 oere. Dernei gean se nei de Tsjerne om te sliepen. Sneintemoarns in mienskiplik moarnsbrochje en dernei wer nei it MFT wer se besite krije fan de dielnimmers fan de startsnein.