Nacht fan de Nacht: lit de bûtenferljochting út

Alle jierren wurdt der in Nacht fan de Nacht organisearre om de klam te lizzen op de skjintme fan it wiere tsjuster. De gemeente Littenseradiel stipet de Nacht fan de Nacht en ropt boargers en bedriuwen yn ús gemeente op om mei de Nacht fan de Nacht op sneon 26 oktober de reklame- en sierferljochting fan harren gebou(wen) te dôvjen. Hjirmei helpe jimme Littenseradiel ien nacht tsjusterder te meitsjen. Dogge jimme mei?

De Nacht fan de NachtSchermafbeelding 2013-10-24 om 19.44.49

De Nacht fan de Nacht wol minsken bewust meitsje fan ljochtfersmoarging en fan de mooglikheden om dizze foarm fan fersmoarging werom te bringen. Nederlân hat mar in pear echt tsjustere plakken. Sterker noch; Nederlân heart ta de lannen mei de measte ljochtfersmoarging. Mei de Nacht fan de Nacht wolle wy minksen genietsje litte fan de tsjustere nacht en dit ûnderwerp breed ûnder de oandacht bringe

Nachtkuier

Natuurmonumenten organisearret op 26 oktober, nei twa súksesfolle kuierkes yn de ôfrûne jierren, wer in nachtkuiertocht troch it unike reservaatgebiet “De Leonserpolder”. De kuier is op 26 oktober om 20.00 oere by de tsjerke fan Leons en duorret oant likernôch 22.00 oere. Ynteressearren kinne har oanmelde Jelle de Boer, fia j.deboer@natuurmonumenten.nl of (0515) 331647. Learzens binne needsaaklik foar dizze kuier. Dus meld jo oan en sjoch nei de stjerren en harkje nei de lûden fan de natuer.