Musikal oer Ruth yn Easterein

‘Fan grêf oant widze’ dat is de titel fan de musikal basearre op it bibelske ferhaal fan Ruth. Yn Easterein wurdt op dit stuit drok repeteard om straks yn maaie in trijetal moaie foarstellings jaan te kinnen. It ferhaal nimt ús mei nei in tiid fan djippe krisis. Want der is hongersneed yn it ‘breahûs’ Bethlehim. Mar it nimt ús ek mei nei de krisis fan hjoed-de-dei. Hoe ‘oerlibje’ we yn in tiid dat it minder giet. In ferhaal fan doe en no.

It koar stiet û.l.f. Sjoukje Heins-Scheltema, Miriam Stoffelsma hat de lieding oer it kombo en de algehiele rezjy is yn hannen fan Sander Kalsbeek út Jorwert.

Foarstellings wurde hâlden yn de Martini-tsjerke te Easterein op:
freed 16 maaie om 20.00 oere                                                                                                     logo-ruth-klein
sneon 17 maaie om 20.00 oere
snein 18 maaie om 16.00 oere

Kaartferkeap:
A& M Lifestyle, Wynserdyk 37 Easterein (fanôf 25 april)
(winkel iepen fan woansdei o/m sneon fan 13 – 17 oere)
of op webside: www.musicaleasterein.nl

Sjoch foar mear ynformaasje ek op www.easterein.nl of op facebookpagina www.facebook.com/musicalrutheasterein.