In protte minsken binne op 4 july op de byienkomst yn tsjerke west. Der wie in oprop foar de musical “Ruth”. Der is in ferskaat oan minsken nedich foar dizze musical. Fan katering oan spilers. Hoewol der in soad minsken harren al opjûn hawwe kin der noch wol in pear by. Derom is der op snein 25 augustus om 20.00 oere noch in kans om dy op te jaan en om kennis te meitsje mei de regisseur Jelmar Hoekstra (fan it Berneiepenloftspul) Elts is dus tige wolkom