Mooglike krisisneedopfang flechtlingen yn sporthal

Juster wie op û.o. Omrop Fryslân te hearen en te lêzen dat de gemeente Littenseradiel de sporthal yn Easterein oanbiede wol oan it COA foar krisisneedopfang fan flechtlingen. Wy (doarpsbelang) fernimme op sosjale media wat fragen en sille besykje om hjirûnder wat feiten, fragen en antwurden op in rychje te setten.

Is it no wis dat der flechtlingen yn Easterein komme?

Nee, dat is noch net wis. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat in notysje skreaun en leit dy foar oan de rie. Yn de notysje stiet dat de sporthal yn Easterein geskikt makke wurde kinne soe foar de krisisneedopfang fan flechtlingen. It is no oan de rie om te besluten oft se dêr in gearkomste oer hawwe wolle. As dy gearkomste der komt, dan kinne Eastereiners (en oaren) ek oanskowe, tinke wy. (Wy geane der dan fan út dat der in rûntepetear oer dit ûnderwerp komt, mar dat is dus oan de rie).

Besjoch de notysje fan boargemaster en wethâlders oan de rie. Dêryn giet it net allinnich oer de krisisneedopfang, mar ek oer it oanbieden fan wenromte oan statushâlders, minsken dy’t gjin asylsiker mear binne en yn Nederlân wenjen bliuwe.

Wat is krisisneedopfang foar flechtlingen?

It giet om de tydlike opfang fan flechtlingen foar om te begjinnen 72 oeren. Dêrnei kinne de flechtlingen trochstreame nei oare opfang. Dat lêste wurdt regele troch it COA. In gemeente kin oanbiede om de krisisopfang langer iepen te hâlden, dan hat it COA mear tiid om de reguliere opfang te organisearjen. It COA hat de ûnderfining dat it meastal giet om 2 x 72 oeren (dus seis dagen).

Wannear komme de flechtlingen?

It is noch net wis dat de flechtlingen komme. De gemeente stelt – as de ried it dêr ek mei iens is – de lokaasje beskikber. Dan beoardielt it COA oft it ek echt geskikt is. As de gemeente per 1 jannewaris de lokaasje beskikber stelt en it COA fynt de lokaasje geskikt, dan is noch net dúdlik wannear’t de flechtlingen komme. Meastal is dat ek pas relatyf koart yn it foar bekend.

Wa betellet de krisisneedopfang?

It COA jout de gemeente in fergoeding fan 100 euro per flechtling per nacht. (Oant koart lyn wie dat 40 euro per flechtling per nacht). De eventuele ekstra kosten binne foar de gemeente.

Wêrom yn Easterein?Schermafbeelding 2015-12-03 om 15.36.25

Earder sei it COA dat der op syn minst plak wêze moast op de krisisneedopfanglokaasjes foar 200 minsken. De gemeente Littenseradiel hat dêr altyd fan sein dat dat net past by de aard en skaal fan de gemeente Littenseradiel. It COA hat dy grins no ferlege nei 100 minsken.

As in oerheid in Nederlân in lokaasje oanbiedt, dan is dat in lokaasje dy’t ek beskikber is by bygelyks rampen. Dy lokaasjes lizze allegearre al fêst. De sporthal yn Easterein is mei It Trochpaad yn Wommels, MFC De Tysker yn Winsum en MFC De Wjukken yn Mantgum sa’n lokaasje. Fan dy fjouwer plakken is de sporthal yn Easterein de iennige dy’t mooglik geskikt is of geskikt makke wurde kin.

Wannear witte wy oft der flechtlingen komme?

As de gemeente 1 jannewaris 2016 de sporthal yn Easterein oanbiedt by it COA as krisisneedopfanglokaasje, dan sil de gemeente it doarp ynformearje op it stuit dat dúdlik is wannear der flechtlingen nei Easterein ta komme.

Wat is de rol fan Doarpsbelang Hâld Faesje?

De gemeente is ferantwurdlik en doarpsbelang hat gjin formele rol. Doarpsbelang folget it proses fansels wol.

 

 

Silvia Hania, foarsitter Doarpsbelang Hâld Faesje