Mooglik dochs kunstfjild yn Easterein

vv SDS kin mooglik oar jier op in kunstfjild fuotbalje. It kollege fan B&W stelt yn de presentearre meerjierrenbegrutting foar om it restearrende bedrach fan €161,000 beskikber te stellen, boppe op de €250.000 dy’t earder beskikber stelt binne, foar it ferbetterjen fan sportfoarsjenning op de Skoalleseize. Dit hâld ek yn dat de klaaiboxen renofearre wurde kinne en it B-fjild opknapt wurde kin.De begrutting wurd op 27 oktober (rûntepetear) en 10 novimber (ried) besprutsen