Moandei 3 july stjoert de oerheid om 12.00 oere in NL-Alert kontroleberjocht út yn hiel Nederlân. Mei dat kontroleberjocht kinne minsken neigean oft harren mobyl goed ynsteld is om NL-alert te ûntfangen.
Alarmmiddel fan de oerheid
NL-Alert is it alarmmiddel fan de oerheid. Mei NL-Alert kin de oerheid minsken fia harren mobyl hiel gerjocht alarmearje en ynformearje by in ramp yn de buert. Yn it berjocht stiet wat der oan de hân is en watst op dat stuit it bêste dwaan kinst. Ast it kontroleberjocht op 3 july krijst, dan bist der wis fan dat dyn mobyl goed ynsteld is. Yn it berjocht is dúdlik oanjûn dat it om in kontroleberjocht giet.
Stel dyn telefoan yn
In soad telefoans dy’t yn Nederlân ferkocht wurde, binne al ynsteld foar NL-Alert. Op guon tastellen, lykas de iPhone, moatst dit sels dwaan. Gean no nei www.nl-alert.nl, stel dyn mobyl yn en help ek oaren mei ynstellen.