Misliedende ynformaasje

Yn de ôfrûne wike binne der withoe folle tillefoantsjes en mailtsjes by it gemeentehûs binnenkommen oer mails dy’t it bedriuw Akse Media ferstjoert oer fermeldingen yn in gids. De gemeente Littenseradiel wol hjirby mei klam witte litte dat de gids dy’t Akse Media makket, nét de (digitale) gemeentegids fan Littenseradiel is en dat de gemeente hjir net oan meiwurket.

Akse Media jout yn har mails oan dat sy ‘dwaande binne mei it aktualisearjen fan de redaksjonele adressen fan de kommende útjefte fan de gids foar de gemeente Littenseradiel 2013’. Dizze formulearring is tige misliedend. De wurden ‘kommende útjefte’ suggerearje dat der al meardere gidsen west hawwe. Hoewol Akse Media yn it ferline wol de gemeentegids foar Littenseradiel makke, rûn harren kontrakt yn 2008 ôf. De gids dêr’t Akse Media oan wurket, is yn feite in earste útjefte fan harren ynformaasjegids.
Fierders liket it troch de wurden ‘gids foar de gemeente Littenseradiel’ asof de gemeente meiwurket oan dizze gids. Dat is grif net it gefal; de wurden ‘oer de gemeente Littenseradiel’ soenen better op harren plak wêze.

bron: www.littenseradiel.nl