Minikonsert Wilhelminies

In tal bern binne dwaande mei it bespyljen fan in blaasynstrumint mei as doel om skylk by it grutte korps Wilhelmina te kommen. Yn de korpsmûle wurde se “Wilhelminies” neamt. Eltse moandei oefenje sy yn de Skoalleseize ûnder lieding fan Joke Krist. Jûn om 19.10 oere wolle de bern graach oan eltsenien hjeare litte wat se al kinne. Belangstellenden sa heit/mem/pake/beppe en oare famylje, freonen binne tige wolkom.