Takom wike (31 oktober – 5 novimber) wurdt it twadde part oppakt! We ha noch wol in oantal frijwilligers nedich, seker foar 5 novimber. Dus meld jimme oan foar in moai en ek gesellich stikje frijwilligerswurk! Dat kin by Tineke Meijer (0515-331190) en/as Klaas Pompstra (05115-331789).
It earste part
Woansdei binne Hendrik en Tjerk Okkema mei in oantal oare frijwilligers begûn mei it wurk oan it lytse parkearterrein by de yngong fan de Skoalleseize.
Earst ha de mannen de bestrating foar in part opbrutsen en doe binne de kolken (putten) ferpleatst. Mar ek binne de nije wetterlieding en stroomkabels yn it earste part fan it terrein del lein. Tongersdei is it hiele terrein klearmakke foar it op ’e nij bestraten. Alle klinkers binne fuorthelle, der is sân op brocht, de saak is út setten en freedtemiddei hat Jan Simon de sânlaach ‘levele’, dat wol sizze dat it sân sa dellein is dat sneons de frijwilligers de klinkers der “allinnich mar yn hoege te lizzen”.
Sneontemoarn wie Jan Simon foar achten al dwaande en hie it earste stikje der yn lizzen. Nei’t alle frijwilligers (Klaas O, Mebius, Christian, Robert, Wilco, Pier, Gerlof, Willem T., Jan Simon, Klaas P., Simon en Jelmer) in bakje kofje dronken hienen giet it los. Mei 3-4 straters, ien shovelsjaffeur en in stikmannich oppermannen is ± 400 m2 (sa’n 18.000 klinkers) it terrein op nij straten. Yn it lêst de healtsjes der yn en it stik lâns de lytse oefenhoek bywurkje. Doe alles klear wie is it terrein oanfage en opromme. Nei syn fuotbalwedstriid hat Jan Simon it terrein ôftrille en dernei lei it as in plaatsje derby! It terrein is prachtich flak wurden en it liket gâns better as foar de tiid.
Oer de hiele dei wienen der wol in soad besikers fan it sportfjild die NET de muoite namen om efkes om te rinnen… Mei grut ark as de shovel is it fansels net sûnder gefaar om dan op sa’n terrein te rinnen en moast Pier ferskriklik goed útsjen by it riden, wat hy prima die, mar wol lêstich wie.
Okkema’s en personiel en oare frijwilligers, TIGE TANK!