Massaal ha de minsken reageare op de oprop om sneontemoarn efkes te helpen by Mts. Kuiper oan de Wommelserdyk om de mestpûde te plak te lûken. San 120 man wiene der om de pûde fan 5000 kuub en 8 ton te plak te lizzen yn de kûle fan 67 by 32 meter. Nei de tiid fansels efkes neiprate yn de stal ûnder it genot fan in hapke en in drankje. Hjirûnder in pear foto”s