– ynstjoerd troch de bibleteek –
De measte bern wolle graach, mar de allerlytsten sjogge miskien de kat earst even út ‘e beam. Op 5 juny kinne bern yn de biblioteek Wommels op de foto mei in echte en libbensgrutte Tomke.
Dizze fotoaksje mei Tomke fynt plak yn it ramt fan de Fryske Foarlêswike fan 1 o/m 5 juny.
Yn dizze wike wurdt der op ûngefear 400 lokaasjes (mei yn totaal wol 650 groepen) yn de hiele provinsje foarlêzen út it nij Tomke boekje, ‘Hoi Tomke’. It foarlêzen fynt plak yn pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwern en by gastâlders. Sa’n 500 frijwilligers wurkje hjir oan mei en lêze de bern foar. Nei ôfrin krije alle bern in fergees eksimplaar fan it njie Tomke boekje mei nei hûs. Sa kin it (foar)lezen thús fierder gean.
Ek yn de biblioteken wurdt foarlêzen. Dêrnêst hawwe de biblioteken ‘mei Tomke op de foto’ organisearre. In libbensgrutte Tomke bringt in besite oan de biblioteek en de bern kinne mei him op de foto. Alders, fersoargers mar ek pakes en beppes binne fansels wolkom. Nimme jo wol jo eigen fototastel mei?
Op 5 juny, tusken 16.00 17.00 oere is Tomke by de biblioteek yn Wommels. Sjoch foar mear ynformaasje op de website www.bibliotheekwommels.nl .