Marije Brouwer wer nei “Sjong”

Marije Brouwer sil ek dit jier wer besykje de finale te berikken fan it frysktalige sjongfestifal foar jongerein tusken de 12 en 18 jier. De foarrûntes binne op 9,10 en 11 maart yn de studio fan ROC Friese Poort yn Drachten.  In sjuery, besteande út Raynaud Ritsma en Jort Landman (Vangrail), siket 10 finalisten út dy’t trochmeie nei de finale. De audysjes wurde filme troch studinten fan de oplieding Televisie en Mediaproducties. Elk krijt sa syn eigen fideoklip. Dy komme nei de foarrondes op YouTube te stean.

De finale fynt plak op sneon 11 april om 19.30 oere yn Theater  Sense yn Dokkum

Yn 2013 hat Marije ek meidien oan Sjong mei it lied “Fyn dyn eigen wei”  Mei dit lied hat se de SjONG YouTube-priis fan 2015 wûn. Marije har filmke (fan de audysje fan SjONG 2013) waard de ôfrûne twa jier mear as 3900 kear besjoen op YouTube. Se krijt de priis útrikt by de finale fan SjONG 2015