Lytse doarpen rintocht

Sneon 20 april is de start fan de lytse doarpen rintocht fanût Noflik Easterein. De foarynskriuwing is sletten mar op sneon kin men sich noch wol ynskriuwe foar de tocht. Foar de 40 km ynskriuwe fanôf 08.00 oere, start 08.30 oere en foar de 25 km tocht ynskriuwe fanôf 08.30, start 09.00 oere. De 25 km route giet dit jier oer it skrok, Wommels, Burgwert, Reahûs wer nei Easterein. De 40 km rinners doche deselde route mar meitsje elke kear in ûtstapke bygelyks nei Kubaard, Bolsert en Itens. De auto’s kinne op 3 plakken parkeart wurde. Fanôf Wommels yn it lân fan de Jong oan de linkerkant, fanôf Itens, rjochts tsjinoer de pleats fan Abma en fanôf Hidaard foar Easterein rjochts yn it lân fan Bouma. Foar it parkearen wurd € 1,00 euro freege.