De keunstgerskommisje fan vv SDS is tige warber om it bedrach wat se noch nedich hawwe foar de oanlis fan it keunstgersfjild, byelkoar te helje. Sa kin der bygelyks bean wurde op iepenhurdhout wat no kapt wurd rûnom it B-fjild en bringe de leden fan SDS lotten (m2 keunstgers) oan de man. Dizze lotten kosje € 10,- en der binne leuke jild- en SDS artikel prizen mei te winnen. Binne se noch net by jim oan de doar west mar wolle jim wol graach in “keunststjintsje” bydrage, stjoer dan efkes in berichtje hoefolle lotten jim hawwe wolle en wer se hinne moatte nei info@vv-sds.nl