Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai

Freed 24 novimber 2017 waard 8e edysje spile fan it Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai. En foar de lêste kear ûnder de flagge fan Gemeente Littenseradiel! Mar we geane gewoan troch!

Der wiene 15 teams yn it spier op in sportive en gesellige jûn yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. It toernoai waard mei mooglik makke troch Gemeente Littenseradiel en Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland. It wie alwer de Rabobank dy de priis wûn yn de haadklasse,  moaie kadopakketten, oanbean troch Jumbo Supermarkten – Wommels. 2e waarde it Agri team. De oanmoedingspriis gie dit jier nei DA Fizel.

 

De priis yn de middenklasse wie foar de debutant Topteam Agrarische Verzekeringen. Se diene harren namme eare oan en hiene 7 fan de 8 punten. Hja krigen de itensbonnen, oanbean troch it Reade Hynder, Wommels. Nei 8 jier, stoppet it Reade Hynder mei dizze stipe. Ut namme fan alle dielnimmers en de kommisje tige tank foar de jierren stipe!  2e waard Kamstra Steenhandel dy krekt ferlear fan it Topteam.

 

Buurtferiening Wetterwyk helle de maksimale winst yn de rekreaasjeklasse. Bouwbedriuw Bootsma Tirns 2 waard hjir 2e, al hiene se likefolle wedstriidpunten as de Black Ladies, mar krekt 1 setpunt mear. De buurtferiening mei út iten nei Noflik Easterein, stiper fan dizze klasse.

 

Op de hast bekende ludike wize waard de priisútrikking fersoarge troch ús grutte animator Meinte Bergstra en syn rjochterhân Berend Bosgra. Fansels waard der noch noflik neisitten en koe men harren sels tegoed dwaan oan de hapkes, oanbean troch Titus Bergsma fan Kantine sporthal de Greidhoeke! Oant takom jier!

 

Besjoch de folsleine útslach