Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai op 27 novimber

– ynstjoerd troch LKBFT –

Freed 27 novimber 2015 wurdt yn Sporthal de Greidhoeke yn Easterein de sechsde edysje fan it nije Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai hâlden. We begjinne 27-11-2015 om 19.00 oere en we rekkenje op dielnamcovos-logoe fan 15-18 teams!

In groep entûsjaste minsken út ferskate sportrûnten fan de Gemeente Littenseradiel hat ûnder de flagge fan follybalferiening COVOS Easterein it toernoai opsetten. Doel is om mei in sûne miks fan ynspanning en ûntspanning in moaie ynfolling oan dizze jûn te jaan. De earste trije edysjes is dat tige slagge! Ynspanning yn de seal, wer sportyf foar elk punt striden wurdt. En ûntspanning nei de tiid by de priisútrikking en wer oer de wedstriden neipetearre wurde kin ûnder it genot fan …

Doel is om de bal ‘sprekke’ te litten mei yn de holle de olympyske gedachte ‘meidwaan is wichtiger as winne’. Elk team wol fansels graach winne, mar mei inoar makkest in wedstriid.

Kom op 27 NOVIMBER 2015 nei Sporthal De Greidhoeke yn Easterein en genietsje fan de wille fan de dielnimmers oan it LKBFT!

De Kommisje