Freed 21 novimber is yn Sporthal de Greidhoeke yn Easterein de lustrumedysje fan it Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai (yn’e nije opset, foarhinne Kulturele Rie) hâlden. We hienen it maksimale oantal dielnimmers, 18 teams! Mei in pear debutanten en in skerpe yndieling hat men har tige fermakke mei oantreklik, hilarysk en sportyf follybal! It toernoai waard mei mooglik makke troch Gemeente Littenseradiel, Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland en Grafische Groep van der Eems.
Yn de haadklasse waard K.F. Easterein de winner (8 punten, +37) mei Boubedriuw Bootsma Turns 1 krekt 2e (8 punten, +19). De ûnderlinge wedstriid waard wol wûn troch Boubedriuw Bootsma, mar hja ferlearen fan in oare favoryt, Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland dy’t 4e waard. Sportkafee de Greidhoeke waard 3e (6, +9). v.v. SDS koe net goed út de fuotten op de keunstflier yn de sporthal en waard 5e, (2, -25). It jonge team fan DA Fizel kaam tekoart yn de haadklasse en einige mei 0 punten. Sa koe K.F. Easterein de itensbonnen oanbean troch it Reade Hynder, Wommels yn ûntfangst nimme.
Yn de middenklasse 3 debutanten en spannende wedstriden mei in soad rivaliteit. Coop Tolsma 1 hie in dreech debút en koe net in wedstriid winne. Hja krigen dan ek de ‘oanmoedigingspriis’, pakketten oanbean troch DA Fizel. De oare debutanten, Yn ‘e Oalje (Couperus Hydrauliek) en in gelegenheidsteam ‘de Jager’ diene aardich mei en waarden 4e en 5e. Gebr. Vellinga hie dizze klasse ferline jier wûn mar einige no op it 2e plak (6 punten, +24). De kampioen fan 2013 yn de rekreaasjeklasse, Rekreaasje Easterein, waard 3e (6 punten, +20). Kampioen waard Steenhandel Kamstra mei 10 punten (+27) en krige moaie kadopakketten, oanbean troch Jumbo Supermarkten, Wommels.
Yn de rekreaasjeklasse ek 2 debutanten, Coop Tolsma 2 en Rabobank Verzekeringen, dy’t dizze klasse wûnen mei de folle winst, 10 punten (+59). Dat betsjut takom jier in stapke heger. Hja meie út iten nei Noflik Easterein, want se winne de tegoedbonnen! Coop Tolsma 2 debutearre mei 2x winst en 3x ferlies en waard 4e (4 punten, -4). Bos Mechanisatie waard 2e mei 6 punten. It 3e plak wie foar it Reahuster Klupke (4 punten, +21) en 5e waard Boubedriuw Bootsma Turns 2 (4 punten, -35). It lêste plak wie foar Jumbo Supermarkten, al waard de ‘supermerkestriid’ al troch harren wûn fan Coop Tolsma (29-27).
Mei grutte tank oan ús foarsitter en inisjatyfnimmer fan dit toernoai kinne we weromsjen op in tige slagge, sportive en gesellige lustrumedysje. By de priisútrikking wurde de dielnimmers tank sein en dat hja de olympyske gedachte ‘meidwaan is wichtiger as winne’ prachtich yn praktyk brocht ha! Yn 2015 sil it toernoai op freed 20-11-2015 plakfine (ûnder foarbehâld)!