Freed 21 novimber 2014 wurdt yn Sporthal de Greidhoeke yn Easterein de EARSTE LUSTRUM edysje fan it NIJE Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai hâlden. It begjint om 19.00 oere en der sille sa’n 15-18 teams mei dwaan.
It wykein fan 27 en 28 aseptimber binne de útnoegings de doar út gien en hoopje fansels op in prachtige dielnimmerslist fan 18 teams!
In groep entûsjaste minsken út ferskate sportrûnten fan de Gemeente Littenseradiel hat ûnder de flagge fan follybalferiening COVOS Easterein it toernoai opsetten. Doel is om mei in sûne miks fan ynspanning en ûntspanning in moaie ynfolling oan dizze jûn te jaan. De earste trije edysjes is dat tige slagge!
Ynspanning yn de seal, wer sportyf foar elts punt striden wurdt. En ûntspanning nei de tiid by de priisútrikking en wer oer de wedstriden neipetearre wurde kin ûnder it genot fan …
Doel is om de bal ‘sprekke’ te litten mei yn de holle de olympyske gedachte ‘meidwaan is wichtiger as winne’. Elts team wol fansels graach winne, mar mei inoar makkest in wedstriid.
Wolle jimme tsjûge wêze fan de prestaasjes fan de teams, kom dan op 21 novimber 2014 nei Sporthal De Greidhoeke yn Easterein!
De Kommisje
Twitter: @covoseasterein