De tiid hâldt
gjin skoft!
Freed 22 novimber 2019 is it ta oan de TSIENDE edysje fan it (Foarhinne) Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai!
We hawwe dizze
edysje 18 teams ree fûn om de sportive, ûntspannende en ynspannende striid oan te
gean mei oare leafhawwers barren! We begjinne 22-11-2019 om 19.00
oere!
Deselde groep
entûsjaste minsken út ferskate sportrûnten
fan de Gemeente Littenseradiel dy dit toernoai, ûnder de flagge fan
follybalferiening COVOS Easterein, opsetten ha, steane wer klear om jimme te
ûntfangen!
Doel is om mei in
sûne miks fan ynspanning en ûntspanning in moaie ynfolling oan dizze jûn te
jaan. Doel is om de bal ‘sprekke’ te litten mei yn de holle de olympyske
gedachte ‘meidwaan is wichtiger as winne’.
Kom op 22 NOVIMBER 2019 nei Sporthal De
Greidhoeke yn Easterein en genietsje fan de wille fan de dielnimmers oan it LKBFT!
De Kommisje
Twitter: @covoseasterein (#lkbft)