De dyk tusken Wommels en Easterein is ôfsletten foar alle ferkear fan moandei 24 july ôf oant en mei tiisdei 25 july yn ferbân mei it ferfangen fan in dûker.
Omlieding
De omlieding wurdt mei buorden oanjûn. Fytsers en fuotgongers kinne passearje fia it frijlizzende fytspaad.
Mear ynformaasje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de hear J. Kuipers, berikber fia tillefoannûmer (0515) 334493.