Moandei en tiisdei wurdt de krusing Van Eysingaleane-Populiereleane yn Easterein ôfmakke. Der moatte allinne noch trije betonnen drompel-eleminten realisearre wurde. Dit sil wol wat ferkearsoerlêst jaan, mar Easterein bliuwt te berikken fanút Wommels en oarsom.
Plenning
Op moandei 16 desimber wurdt der begûn mei de oanlis fan de earste twa betonnen drompel-eleminten op it krúspunt. Hjirfoar is it nedich dat earst de iene helte fan de dyk rjochting doarpskearn ôfsletten wurdt en dêrnei wurdt de helte fan de dyk rjochting Populiereleane ôfsletten. Tiisdeitemoarn 17 desimber wurde de lêste betonnen drompel-eleminten yn de dykoansluting rjochting Wommels oanlein. Om dit dwaan te kinnen, is it nedich de helte fan de dyk ôf te sluten.
Easterein berikber
Op moandei wurde de twa helten fan de dyk nei inoar ôfsletten, sadat der hieltyd ien helte fan de dyk beskikber is foar it ferkear. Tiisdei wurdt der, om sa min mooglik oerlêst te feroarsaakjen, in tydlike platebaan troch de berm oanlein. Op dizze wize bliuwt Easterein berikber. Dizze dykôfsettingen sille wol wat fertraging jaan.
Bron: Gemeente Littenseradiel