Leden socht foar stimburo

VERKIEZINGEN-STEMMEN-2006Op woansdei 6 april 2016 wurdt it referindum oer het assosjaasjeferdach tusken de Europeeske Uny en Oekraïne hâlden. Foar it hâlden fan in referindum jildt ûngefear deselde proseduere as foar in ferkiezing. En dêrom siket de gemeente Littenseradiel leden, pleatsferfangende leden en reserves foar it stimburo.

As doarpsbelang helpe wy de gemeente mei it sykjen nei leden foar it stimburo. Nedich binne:

  • 3 leden foar it stimburo (sy hawwe sitting fan 07.00 oant 13.00 oere en fan 20.00 oere oant de ein fan de wurksumheden)
  • 3 pleatsferfangende leden (hawwe sitting fan 13.00 – 20.00 oere en der wurdt ferwachte dat se nei slutingstiid helpe mei tellen)
  • reserveleden

 

Liket it jo wat om ris op it stimburo te sitten? Of hawwe jo dat earder dien en soene jo dat wer dwaan wolle? Lit it efkes witte fia silvia@skylk.nl. Alfêst tank!