Lamelos: in blijspul troch Fuort mar Los op 16 en 17 maart

Toanielferiening Fuort Mar Los Easterein spilet: LAMELOS. It is in blijspul skreaun troch Tjerk Kooistra, ynspirearre op de tillevyzje-searje ‘Loenatik’. Yn psychiatryske klinyk Lamelos wenje fiif pasjinten: de Majoar, Beppy, Fats, Dr. Doolittle en Mefrou de Haas. Wylst de direktrise har benammen dwaande hâldt mei jildsaken, soarget Suster Tialde der foar dat de pasjinten harren pillen krije en fersoarget de stazjêre de kreative terapy. Wannear’t de pasjinten te hearren krije dat Lamelos har doarren slute sil, komme se mei in lumineus plan.