Kursus Frysk skriuwen: ynskriuwing ferlingd

De gemeente organisearret mei de Afûk in koarte kursus Frysk skriuwen foar minsken dy’t yn doarpskranten of op doarpswebsites skriuwe. Offisjeel slút de ynskriuwing tiisdei 22 jannewaris. It tal oanmelding leit lykwols op it stuit noch krekt ûnder it minimum. Dêrom is de ynskriuwing ferlingd oant en mei freed.

Mar ek ast net fuortdaliks foar de doarpskrante of doarpswebsite skriuwst, meist grif meidwaan. Jou dy op!