Krekt as alle jierren, biedt Afûk ek takom kursusseizoen wer in ferskaat oan kursussen foar Frysk- en net-Frysktaligen oan.
Neist in fêst oanbod is it ek mooglik om in kursus yn it eigen doarp te organisearjen as op syn minst 10 minsken harren oanmelde foar deselde kursus.
Dat soe dan bygelyks in koarte kursus LearmarFrysk(10 lessen), SkriuwmarFrysk (10 lessen) of in literatuerkursus (6 lessen) wêze kinne. De kursus kin dan ôfstimd wurde op de winsken fan de kursisten, tink hjirby oan de lokaasje, de dei fan’ e wike ensh.
Hawwe jo fragen of wolle jo je oanmelde foar in kursus yn eigen doarp nim dan kontakt op mei Greet Jorritsma, tillefoan: 331900 of fia de mail greet.jorritsma@zonnet.nl
Alle ynformaasje oer it kursusoanbod fan de Afûk fine jo op www.afuk.nl