Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai yn Easterein

Freed 25 novimber 2011 wurdt yn Sporthal de Greidhoeke yn Easterein de TWADDE edysje fan it NIJE Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai hâlden.
It begjint om 19.00 oere en dogge 15 teams mei.

In groep entûsjaste minsken út ferskate sportrûnten fan de Gemeente Littenseradiel hat ûnder de flagge fan follybalferiening COVOS Easterein it toernoai opsetten. Doel is om mei in sûne miks fan ynspanning en ûntspanning in moaie ynfulling oan dizze jûn te jaan.

Ynspanning yn de seal, wer sportyf foar elts punt striden wurdt. En ûntspanning nei de tiid by de priisútrikknig en wer oer de wedstriden neipetearre wurde kin ûnder it genot fan …

Doel is om de bal ‘sprekke’ te litten mei yn de holle de olympyske gedachte ‘meidwaan is wichtiger as winne’. Elts team wol fansels graach winne, mar mei inoar makkest in wedstriid.

Wolle jimme tsjûge wêze fan de prestaasjes fan de 15 teams, kom dan op 25 novimber 2011 nei Sporthal De Greidhoeke yn Easterein!