Kuierpaad Sibadawei komt der

It stie al hiel lang op de moanlikse wurklist fan doarpsbelang: it kuierpaad lâns de Sibadawei. Hjoed makke it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Littenseradiel bekend dat sy yn de begrutting foar de kommende jierren it paad eindelijk in plakje jûn hawwe.

De ôfrûne jierren hat doarpsbelang alle jierren ynsprutsen by de begruttingsbehanneling om der foar te pleitsjen dat it projekt dat plakje krige. Utfiering fan it projekt betsjut in bettere ferkearsfeiligens op de Sibadawei. Dêrneist wurdt it rûntsje Skrok no ek kompleet.

De ried moat de begrutting noch behannelje, mar de oanpak fan de Sibadawei stiet no net mear op de winskelist, mar hat in konkreet plakje krigen. De realisaasje fan it kuierpaad is dêrmei wol hiel wierskynlik.

Dêrneist sil yn 2017 begûn wurde mei de ferbreding fan de Van Sminialeane tusken Wommels en Easterein.

Lês it berjocht op de site fan de gemeente Littenseradiel