Krystkonsert yn de Martinitsjerke

Op sneintemiddei  18 desimber o.s.,  sil ús korps “Wilhelmina” û.l.f. Pieter Bosma,  in krystkonsert jaan yn de Martinitsjerke fan Easterein. It begjint om 16.00 oere. Foar in moai krystkonsert hoege jo dus it doarp net út. Op it programma stean moaie sfearfolle stikken. Jim sille grif  de bekende krystlieten herkenne.

Ek it jeugdkorps “de Wilhelmini’s “ docht mei. Sy ha  in oantal stikken ynstudearre dy’t hielendal yn dizze tiid fan it jier passe.  Harren diriginte Joke Krist, hat alle stikken sa skreaun dat alle bern op eigen nivo meispylje kinne. Inkele leden ha it ynstrumint noch mar in pear moannen.

Quatro-Forte

As gasten hat Wilhelmina it saksofoankwartet Quatro-Forte útnoege. Quatro-Forte bestiet út in sopraan-, alt-. tenor- en baritonsaksofoan.  Der stean foaral klassike wurken op it repertoire. Wa binne dizze fjouwer muzikanten?

Gerjanna Zijlstra bespilet de baritonsaksofoan.  Se wennet yn Sint Annaparochie en komt út in muzikaal gesin. Heit, mem en har suster bespylje allegear in ynstrumint. Neist Quatro Forte is Gerjanne ek lid fan Excelsior yn Aldebiltsyl.

Eferoan fan links nei rjochts: Joke, Erik en Gerjanne. Foaroan Reina.

Eferoan fan links nei rjochts: Joke, Erik en Gerjanne. Foaroan Reina.

De iennige man is Erik Hoek.  Hy nimt de party fan de tenorsakofoan foar syn rekken. Erik is lid fan Ons Genoegen yn Marssum en fan it Frysk Fanfare Orkest. Hy is de techneut. Underhâld de website fan it kwartet en arrangeart sa no en dan, as dat nedich is,  muzykstikken foar Quarto-Forte.

Joke Kolthof, altsaks, wennet yn Bitmummole. Sy is lid fan Wilhelmina en makket  diel út fan it bestjoer fan ús korps. Ek by Joke thús wie it altyd ien en al muzyk. Alle famyljeleden spilen by it korps fan Tjummearum

Reina Hibma is ek lid fan Wilhelmina en bespilet de sopraansaksofoan.  Doe’t se 6 jier wie spile se al mei by Oranje Minnersgea.  Earst op de bugel, letter op de saksofoan.

De optredens fan Quartro Forte  wienen de lêste jierren net sûnder sukses. Se ha ferskillende prizen yn de wacht sleept.

Op harren website stiet:

Onze doelstelling is om met zoveel mogelijk plezier samen saxofoon te spelen en toe te werken naar optredens. Dat doen we door het delen van onze passie:  saxofoonspelen.

Dus bêste minsken dit wurdt in skitterende middei. Gewoan yn eigen doarp, mei muzyk op heech nivo.

We hoopje jim te moetsjen op  sneintemiddei 18 desimber

Mei in hertlike groet: Folkje Visser