Der is in krystfair op basisskoalle De Foareker op tongersdei 17 desimber o.s. fan 17.30 oere oant 19.30 oere. De bern ha fan allerhande dingen makke dy’t jo keapje kinne, ek is der iten en drinken te keap. De opbringst is ornearre foar: Farm Friends! Hja hawwe projekten yn Ethiopië en Tanzania wêr’t hja lokale boeren stypje wolle mei it opsetten fan harren eigen bedriuw. Wolle jo mear witte fan harren projekten sjoch dan op de link of gean nei: www.Farm-Friends.nl