Krystbeam te plak en tsjerke yn it ljocht

Alle jierren is it fêste prik. De earste sneon nei 5 desimber set doarpsbelang de krystbeam op it einehokje en de tsjerke yn it ljocht. Meastal wurdt de krystbeam rûn âldjiersdei wer fuorthelle. De tsjerke bliuwt wat langer yn it ljocht stean. Oant ûngefear ein jannewaris skine de lampen fan ûnderop de tsjerke oan.

In pear jier ferlyn makke doarpsbelang in filmke fan hoe’t dat no krekt giet mei dy krystbeam. Earst wurdt de beam fersierd by Okkema, dan set de kraan fan Okkema de krystbeam op it einehokje.