Krystbeam fan Easterein wer te plak

De krystbeam fan Easterein stiet wer te plak op it einehokje. Fan ‘e moarn hat doarpsbelang earst de beam fersierd by Okkema, en doe is de beam mei in wein rjochting it einehokje brocht. Mei in kraan wurdt dan de krystbeam op it hokje setten. En fansels meitsje we dan it einehokje ek efkes skjin.

Sjen hoe’t dat yn syn wurk giet? Besjoch ’the making of….’!