kontinuroaster op de Foareker

Fanôf it kommende skoaljier (17 augustus) sil de basisskoalle de Foareker wurkje mei in kontinuroaster. Dit hâld yn dat de bern elke dei deselde tiid tusken 08.25 oere en 14.oo oere op skoalle sitte. De lange pauze tusken de middei komt te ferfallen. Alle leerlingen blieuwe no op skoalle en de pauze tusken de middei makket no diel út fan de skoaltiid. De skoaltiid hâld yn dat der 7520 oeren jûn wurde yn 8 jier. Der binne foar en neidielen fan sán roaster. Foardielen binne dat de meast âlden dy’t wurkje, gjin oppas hoefe te regele tusken de middei, de bern binne earder thús, het is rêstiger foar de bern ensh. Ek binne der wol neidielen bygelyks dat de kosten fan neiskoalse opfang heger wéze kin, de bern kinne net efkes ta rést komme yn in lytse omjouwing en se hawwe gjin kar tusken wol as net neiblieuwe.