Kommende sneon 12 april sil der in hiel bysûnder konsert hâlden wurde troch Wilhelmina. Dit fynt plak yn Muziekcentrum De Rinkelbom yn it Hearrenfean. It bysûndere is dat Wilhelmina dirigeard wurde sil troch de Belgyske gastdirigint Ivan Meylemans. Meylemans wie û.o. foarich jier tidens it kroningskonsert fan Willem Alexander dirigent fan it Concertgebouworkest mei in optreden fan DJ Armin van Buuren.
Dit jout wol oan dat dizze dirigent net de earste de bêste is. Middeis foarôf oan it konsert wurdt der earst noch fûleindich repeteard en jûns om 20 oere kinne jim it resultaat hearre.
Kaarten binne te krijen oan de doar foar mar € 5,-
Bern oan ‘e mei 12 jier binne fergees