Yn de wike fan 16 april komt de Keatsferiening Easterein by jo lâns. Sy hawwe de KOEKE-AKSJE foar it earst dien yn maart 2008 en organisearje dy no al wer foar de 5e kear.
Se biede jo foar in oantreklike aksjepriis 1, 2, 3 as mear hearlike Molkwarder Koeken!
Jo kinne in kar meitsje út:
- kandykoeke € 2,00
- sûkerlatte (tradisjoneel bakte sûkerkoeke!) € 2,00
- brune koeke € 2,00
As TRIJE koeken foar mar € 5,00!
Sjoch foar mear ynformaasje op www.kfeasterein.nl. Dêr kinne jo ek in bestellist delhelje.