Op sneon 31 oktober organisearret de KF Easterein yn gearwurking mei de KNKB en Noflik Easterein wer in spetterende slotjûn om it keatsseizoen 2015 ôf te slúten. Op dizze jûn sil de KNKB de prizen fan de ferskate jierklasseminten w.û. it Langhenkel klassemint útrikke. De muziek op dizze jûn wurd fersoarge troch Alice Springs. De tagong is fergees en de seal is iepen fan 20.00 oere ôf. Eltsenien is wolkom, lid as gjin lid.