Klaas Kamstra, Jesper Paauw en Janneke Overal winne fiskwedstryd Fûgelwacht

Fiskwedstryd

Foto (c) Henk Bootsma

Klaas Kamstra wûn snein de fiskwedstryd fan de fûgelwacht fan Easterein by de alderein. By de jongerein wie de priis foar de grutste fisk foar Jesper Paauw en waard de measte fisk fongen troch Janneke Overal. It doel hjir fan is om in bytsje natoerbelibbing te krijen foar bynammen de bern.  Troch it moaie waar wiene der in soad dielnimmers en minsken dy’t efkes delkamen om by de dielnimmers te sjen.