Op sneon 21 en snein 22 maaie is der fan 11.00 oere oant 17.00 oere wér in keunstrûte Littenseradiel. De keunstrûte giet by mear dan 40 keunstners lâns. De ateliers, wurkplakken, eksposysjeromtes en tsjerken binne fergees tagongklik en op guon plakken wurd in workshop hâlden. Yn Easterein binne 2 plakken wer de keunstrûte lâns giet. Der is in groepseksposysje fan de skildersklup Easterein u.l.f. Master Strikwerda yn de Martinitsjerke en der binne bylden en ferhalen op Het Kleine Paradijs te Meilahuizen. Ynformaasje en routekaarten binne HJIR te fine.