Yn ferbân mei de weryndieling op 1 jannewaris 2018, waard op moandeitejûn 11 desimber ôfskied nommen fan de gemeenteried fan Littenseradiel. Dêr krige Teake Posthuma – tagelyk mei Gosse Hiemstra út Wommels – in keninklike ûnderskieding. Hy waard beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Posthuma hat mear as tolve jier lid west fan de gemeenteried. Hy wie riedslid
foar de FNP-fraksje fan 1994 oant 2002 én fan 2010 oant no ta.

De seremoanje
De hearen Hiemstra en Posthuma krigen de lintsjes opspjelde troch boargemaster Johanneke Liemburg yn de alderlêste riedsgearkomste fan de gemeente Littenseradiel op moandei 11 desimber.