Dirkje van der Eems-de Haan (70) is op snein 19 novimber beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Frou Van der Eems set har al 47 jier yn foar it doarpslibben yn Easterein. Neist har drokke funksje by famyljebedriuw Drukkerij Van der Eems hat se har benammen ynsetten foar de tsjerke, it korps en doarpsbelang. Dat docht se noch. It lintsje waard har yn de Martinitsjerke opspjelde troch boargemaster Johanneke Liemburg.
PKN-gemeente Easterein (earder Grifformearde tsjerke Easterein)
Frou Van der Eems wie Frijwilliger Jeugdwurk fan 1970 oant 1980 en liedster fan ferskate jeugdclubs. Sy hat ûnder oaren holpen by it ynstudearjen en de útfiering fan musicals (bygelyks Ruth). Fan 2007 oant 2010 wie sy foarsitter fan de beroppingskommisjes fan Wommels en Easterein. Frou Van der Eems is sûnt 2010 foarsitter fan de tsjerkeried en âlderling. Op besite gean en it begelieden fan houliken en routsjinsten binne guon fan har fêste taken. Dêrneist is sy ek lid fan de Blommekommisje, organisearret sy in temakuier en is sy aktyf by de diakonale aktiviteit ‘Samen de winter door’.
Muzykkorps Wilhelmina
Frou Van der Eems set har al sûnt 1970 yn foar Muzykkorps Wilhelmina. Neffens de foarsitter is it behâld fan de doarpsfanfare it resultaat fan har hurde wurkjen. Dêrom is sy útroppen ta earelid. Frou Van der Eems is ferantwurdlik foar it oanlûken fan jeugdleden, it jeugdbelied en it jeugdbestjoer. Sy hat fan 1986 oant 2000 én fan 2010 oant 2015 bestjoerslid en foarsitter west. De organisaasje fan de musical ta eare fan it 100-jierrich bestean wie ûnder oaren yn hannen fan frou Van der Eems. Ek is sy de inisjatyfnimmer fan de skoalmuzyk yn Easterein. Sy regelet sûnt 2013 de dosint en de ynstruminten. Sy soarget derfoar dat bern mei talint trochstreame nei jeugdkorps De Wilhelmientjes.
Oare aktiviteiten
Frou Van der Eems wie fan 1980 oant 1992 bestjoerslid fan Doarpsbelang Hâld Faesje. Sy wie mei-ferantwurdlik foar de oprjochting fan it pjutteboartersplak, de renovaasje fan de midiuwske tsjerke, de oanlis fan it fytspaad tusken Easterein en Wommels en it realisearjen fan de kanorûte. Dêrneist organisearre sy (doarps)reüny’s en skreau sy mei oan it boek oer it doarp Easterein mei de skiednis fan alle huzen en harren bewenners. Yn 2003 en 2004 wie frou Van der Eems lid fan de kliïnteried fan fersoargingshûs Nij Stapert yn Wommels. Noch alle jierren makket sy tegearre mei it korps de bewenners wekker op krystmoarn mei krystferskes.
Utrikking yn Martinitsjerke, Easterein
De seremoanje fûn plak yn de Martinitsjerke yn Easterein, wêr’t frou Van der Eems mei in ferlechje nei ta lokke wie. It Wilhelminakorps joech dêr op 19 novimber in Surprisekonsert