Op en foar kening(inne)dei kinne we wer aardich oan de bak yn Easterein. Op moandei 29 april start om 18.00 oant 19.00 oere de kuiertocht út de Tsjerne wei. De tocht is san 10 kilometer. Nei de tiid kin elts, rinner as supporter yn de Tsjerne komme om de Keningsnacht yn te lieden. Op tiisdei 30 april komt om 09.00 oere it korps troch it doarp om elts wekker te toeterje want om 09.30 begjint de frijmerke tusken de Skoalleseize en de klaaiboksen. 10.00 oere is de start fan it keatsseizoen Easterein. Der wurd yn ferskate klassen keatst. Om 11.00 kin der in kaartsje lein wurde mei it klaverjassen. De ynlis is €1,50. Opjefte yn de Skoalleseize op de dei sels. Om 13.30 fansels nei de lytse tinte wer Easterein got talent begjint foar de bern oant 16 jier. Us hús DJ Jan Bouke Bouma sil der grif wer in leuk feesie fan meitsje nei de tiid. Jim sjogge it wol, foar elsenien is der wol wat te dwaan.