It Kollege fan boargemaster en wethâlders fan Littenseradiel wolle de jeugdketen fan Littenseradiel slúte. Stimt de rie yn mei it foarstel, dan moat ek keet Easterein der oan lieuwe. Keten op it plattelân hawwe foar de jongerein in sosjale funksje. Se moetsje elkoar foar it stappen as sporte as drinke der in gléske bier. De jongereinketen krije al gauw it stigma fan sûpfeesten en alcoholmisbrûk. Dochs komt der út de efaluaasje fan de gemeente nei foaren dat der net folle konkrete sichtbere problemen binne mei jongereinketen.
Hjoed stiet der yn de ljouwerder krante in petear mei de jongerein fan Keet Easterein. Se litte it der net by sitte en sille der alles oan dwaan om harren plakje iepen te hâlden.