Keatskamp op 2 en 3 maaie

Foar de 11de kear sil KF Easterein in keatskamp organisearje foar kabouters, welpen, pupillen en skoaljeugd. It is foar de bern fan keatsferiening Easterein en Wommels. It tema is dit jier ‘It wylde westen’. It keatskamp sil plakfine op tongersdei 2 en freed 3 maaie 2024 op it keatsfjild en yn de Skoalleseize yn Easterein. De opjefte is online fia kfeasterein.nl foar sawol Wommels as foar Easterein