Keatskamp KF Easterein ûtein setten

Woansdeitemiddei is it 1ste keatskamp fan de KF Easterein, mei in wiere dopingskontrole op energiedrank en snobbesguod, ûtein setten op de fjilden en yn de kantine fan de Skoalleseize. San 58 bern dyt lid binne fan de KF Easterein krije der oant freedtemiddei ofwikselend keatstraining fan haadklas en 1ste klas keatsers en rekreaasje. Tongersdeitejûn om 20.00 is der in bûnte jûn wer âlders en belangstellenden tige wolkom binne. Jûster binne der troch de KNKB TV opnames makke fan dit ûtsunderlik moai barren foar de bern ût Easterein. Dat filmke kinne jim hjir sjen. Fansels meie jim de hiele dei troch wol op de fjilden sjen nei de trainingen en alles dèr omhinne. Mear info kinne jim fyne op www.kfeasterein.nl

(foto”s kfeasterein)

10303371_468825996583568_7626926248842442273_n