It sit der alwer oan te kommen: keatskamp Easterein! En wol fan 1 maaie oan 3 maaie yn en om de Skoalleseize. It is de seisde kear dat we hjirmei yn aksje komme en ek dit jier sille we it kamp yn it tema jitte: de kriichsmacht. Dus al tigerjend de warming-up troch, útslaan mei drekstrepen op de wangen en op appel om de korvee út te fieren. Alle bern fan kabouter oant de skoaljeugd ta kinne derby wêze.
Ûnder dit kamp sille de bern ek bonuspunten fertsjinje kinne yn de foarm fan legermedailles, dit alles fansels om oan it ein fan dizze dagen de grutte Keatskampbokaal te winnen. De earste medailles binne al fertsjinne wylst we de stunt op de basisskoalle dienen en dêr wienen echte ‘krachtpatser-medailles’ by. Mar ek no noch binne der al bonuspunten binnen te heljen. Meitsje bygelyks in moaie selfie yn it tema en set dit op facebook.com/keatskamp of gean foar de medaille ‘verzamelaar’ en sammelje safolle mooglik lege plestik flessen. Yn koarten: we ha der wer in soad sin oan en sjogge wer út nei trije machtich moaie keatsdagen. Foar mear ynfo en opjefte, sjoch op kfeasterein.nl. Graach oant dan!
Meitsje bygelyks in moaie selfie yn it tema en set dit op facebook.com/keatskamp of gean foar de medaille ‘verzamelaar’ en sammelje safolle mooglik lege plestik flessen. Yn koarten: we ha der wer in soad sin oan en sjogge wer út nei trije machtich moaie keatsdagen. Foar mear ynfo en opjefte, sjoch op kfeasterein.nl. Graach oant dan!