Karbidsjitte mei de jierwiksel is yn Easterein noch hieltyd populêr. Under bepaalde betingsten is karbidsjitte tastien yn ús gemeente. De polysje sjocht ekstra op dizze betingsten ta by it karbidsjitten mei de jierwiksel.
Betingsten foar karbidsjitte
Yn de simmer is de Algemene Plaatselijke Verordening (APV) fan Littenseradiel wizige; der is in ferbodsbepaling foar it karbidsjitten opnommen. De ferbodsbepaling hâldt yn dat der yn begjinsel net mei karbidsjitten wurde mei. Dit ferbod jildt lykwols net as men him oan de neifolgjende betingsten hâldt:
- It karbidsjitten fynt plak bûten de beboude kom;
- It karbidsjitten fynt plak op 31 desimber fan 10.00 oere oant 1 jannewaris 2.00 oere;
- De te brûken molkbussen hawwe in maksimale ynhâld fan 50 liter;
- It frije skotsfjild is minimaal 75 meter en iepenbiere diken of paden binne hjir net oanwêzich;
- De karbidsjitlokaasje leit op in minimale ôfstân fan 50 meter fan oare wenbebouwing;
- Der wurdt net sketten yn de rjochting fan wenbebouwing;
- De grûneigner hat skriftlik tastimming jûn.
Dus, as men him oan alle neamde betingsten hâldt, dan is karbidsjitte tastien. Dizze betingsten binne yn de APV opnommen sadat it karbidsjitten op in feilige lokaasje plak fynt en sa min mooglik oerlêst jout foar de omwenjenden. Fierder jildt yn ús gemeente ek in ferbod foar it yn de iepen loft oanlizzen, oppoken of hawwen fan fjoer. It kolleezje kin hjir in ûntheffing foar ferliene. Dit ferbod jildt net foar fjoerkuorren en al sa mear.
Kontrôles
De polysje sil mei de jierwiksel ekstra ta sjen op karbidsjitte. Wannear’t de polysje karbidsjitters trappearret dy’t harren net oan de betingsten hâlde, dan sil sy strang hânhâlde. Dan moat it karbidsjitten daliks ophâlde. Oertrêders riskearje boetes en dat it guod ynnommen wurdt. Troch de betingsten goed te folgjen kin dit yn’t foar kommen wurde!