Juster is yn de kantine en op de fjilden fan de Skoalleseize it keatskamp foar de jongerein fan de KF Easterein losgongen. Tusken de buien troch nei bûten om de keatsen en te hossen op de muzyk fan Amigo en it duoane-spul te dwaan en ûnder de reinbuien lekker nei binnen ta yn Hotel Skoalleseize. Tiisdeitejûn 20.00 oere is de bûnte jûn en elts is dér fansels wolkom. Woansdeitemiddei om 13.30 is it keatskamp wér dien.