Kaartsjes helje foar Heerenveen – MVV yn Easterein

11427002_729642077180962_5507560413102555738_n (1)Op 17 july komt SC Heerenveen nei Easterein foar in oefenwedstryd tsjin MVV. Mei tank oan Grafische Groep Van der Eems en Univé hawwe wy dizze wedstryd hjir krigen. Geweldich dat dit yn Easterein plak fynt.

Kaartsjes helje!

Alle leden fan SDS meie fergees nei de wedstryd. Dat stie ek al yn de doarpskrante. Mar dan moatte se wol yn it foar efkes in kaartsje helje by Willem Wijnia yn Wommels of by Douwe Dirk Reitsma (Smidslân 11) yn Easterein. Sûnder kaartsje moat der entree betelle wurde. In kaartsje helje kin oant 12 july.